Oanriding nei maleur mei auto

02 des 2008 - 23:33

Op de Drachtsterwei tusken de Wâldwei en Ljouwert binne tiisdeitejûn let twa minsken swier ferwûne rekke by in oanriding. Nei alle gedachten hat in bestjoerder maleur mei de auto krigen. Mei de alarmljochten oan bleau er op de dyk stean, om ûnder de motorkap te sjen.

In automobiliste is dêr achter op botst. In plysjeman seach beide auto's midden op de dyk stean en fûn de automobilist mei pech werom ûnder syn auto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)