Bauscher bringt Aris winst

02 des 2008 - 22:40

Basketbalklub Aris Friesland hat nei fiif ferliespartijen op rige wer in oerwinning pakt. Yn Ljouwert wûn Aris mei 99-89 fan West-Brabant Giants út Bergen op Zoom. De hiele earste helte hiene de Giants in foarsprong, mar krekt foar rêst kaam Aris mei 47-44 foar. Yn de fjirde perioade rûnen de Ljouwerters echt út.

Rein van der Kamp skoarde 28 punten, mar Matt Bauscher wie de grutte man. Hy makke 35 punten en is no topskoarder yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)