Kajuten Wildeman kinne bliuwe

02 des 2008 - 21:24

De dakkajuten fan hotel De Wildeman op De Lemmer hoege net fuort. Earder lei de gemeente in boustop op omdat de eigner sûnder fergunning begûn wie mei de bou. It hotel is in ryksmonumint.

De gemeente frege dêrom oan tal fan ynstânsjes advys. Dêrnei besleat Lemsterlân gjin fergunning te jaan. De beswierskriftekommisje fynt dat net terjochte, omdat de kajuten in metalen konstruksje út it sicht nimme, dy't it monumint oerein hâlde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)