12 jier yn saak-Niels Kooistra

Niels Kooistra
De rjochtbank yn Ljouwert hat tolve jier selstraf oplein yn 'e saak-Niels_Kooistra. De 28-jierrige Ljouwerter waard yn 'e nacht fan 1 op 2 augustus delstutsen nei in rûzje. Tsjin de 18-jierrige fertochte út Ljouwert wie ek tolve jier sel easke.
Kooistra rekke troch de stekpartij ferlamme. Hy koe ek net mear selsstannich sykhelje. De medyske behanneling fan Kooistra waard op syn eigen fersyk stopset. Hy ferstoar op 15 augustus.