Priuwerij foar Voedselbank

02 des 2008 - 10:10
Foto: Omrop Fryslân

Sân hoarekabedriuwen yn Grou hâlde it kommend wykein in kulinêre priuwerij. De opbringst giet nei de Voedselbank. De priuwerij is sneon en snein fan twa oere middeis oant acht oere jûns.

Minsken kinne munten keapje en dêrfoar kinne se hapkes en drankjes krije. Fierders kinne minsken kaarten keapje foar de tydlike keunstiisbaan yn Grou.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)