Eilannen sille oparbeidzje

02 des 2008 - 09:32

De ried fan it Amelân stimt yn mei it plan fan oanpak 'Vast op koers', dat de fjouwer Fryske Waadeilannen opsteld ha. Flylân, it Amelân, Skiermûntseach en Skylge wolle ûnder de namme VAST yntinsyf gearwurkje. Foar de eilannen is de gearwurking wichtich, om sa selsstannich bliuwe te kinnen.

Yn Harns soe in sekretariaat komme moatte. PvdA en CDA seine moandei dat dat lyts bliuwe moat. Algemeen Belang Ameland fynt dat it kantoar op ien fan de Waadeilannen komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)