Utspraak yn saak Kooistra

De rjochtbank yn Ljouwert docht tiisdeitemiddei útspraak yn de saak Niels Kooistra. De 28-jierrige Ljouwerter waard yn de nacht fan 1 op 2 augustus delstutsen nei in rúzje. Tsjin de 18-jierrige fertochte út Ljouwert is tolve jier sel easke.
Kooistra rekke troch de stekpartij ferlamme. Ek koe er net mear selsstannich sykhelje. De medyske behanneling fan Kooistra waard op syn eigen fersyk stopset. Hy ferstoar op 15 augustus.