Studint wol Afganistan helpe

© Omrop Fryslân
De 17-jierrige Keihan Popal fan it Lauwers College yn Bûtenpost hat in stichting oprjochte om minsken yn Afganistan te helpen. Popal komt sels út Afganistan en wennet yntusken acht jier yn Bûtenpost. De help sil bestean út jild, mar ek út materiaal.
Ek wol Keihan Popal kontakt sykje mei oare stichtingen dy't harren ynsette foar Afganistan. Se kinne dan bygelyks kennis diele. De stichting giet takom wike freed offisjeel fan start. De konsul fan Afganistan is dêr ek by.