De Jouwer krijt in fly-over

Yn foarbyld fan yn fly-over
Der komt in 'fly over' by it knooppunt fan De Jouwer. Der is meastentiids in soad ferkearsdrokte by it knooppunt mei alle dagen wol in file. In saneamde 'oerfleaner' soe dé oplossing hjirfoar wêze. De rotonde by De Jouwer wurdt dan oerstallich.
De nije situaasje sil foar in grut part betelle wurde út it budzjet fan de Suderseeline. Takom jier moat dúdlik wurde hoe't de fly-over der krekt út komt te sjen. Yn 2012 of 2012 wurdt begûn mei de bou fan de fly-over.