'Needunits' foar seehûnekres

01 des 2008 - 15:27

De seehûnekres fan Pieterburen wurdt woansdei útwreide mei acht needunits. De maatregel is nedich om it grutte tal sike seehûnen op te heinen. Der binne op it stuit 60 sike seehûnen yn de seehûnekres. Yn 'e nacht fan snein op moandei kamen der op 'e nij fjouwer sike bisten by.

Neffens Lenie 't Hart is der op it stuit te min fretten foar de seehûnen op it Waad. De jonge seehûnen bouwe dêrtroch gjin wjerstân op en wurde gauwer siik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)