Goed jier foar Planetarium
It Planetarium yn Frjentsjer ferwachtet tiisdei de 50.000ste besiker fan it jier binnen te heljen.
De lokkige wurdt troch de foarsitter fan it Planetarium yn it sintsje set. Ferline jier kamen 42.000 minsken nei it Planetarium, dat wie doe in rekord. It Planetarium waard ferline jier flink útwreide.