Poal wint Heitetoarnoai

01 des 2008 - 13:19

De Poalske grutmaster Bartlomiej Macieja hat sneintejûn yn Wolvegea it Remco Heiteskaaktoernoai op syn namme skreaun. Macieja hie lykas Loek van Wely 3,5 punt út fiif partijen, omdat Macieja yn it toernoai fan Van Wely wûn is hy de toernoaiwinner

Macieja fertsjinne mei syn oerwinning in hynder of pony. Macieja hat besletten dat hy dy skinke sil oan in ynstelling foar handicapte bern yn Fryslân. Hokker ynstânsje dat wurde sil, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)