Benaudens foar allochtoanen

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan doarpen op it plattelân binne benauder foar allochtoanen as stedsjers. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Sosjaal en Kultureel Planbureau. 48 % fan 'e doarpelingen fynt dat der tefolle allochtoanen binne. By de ynwenners fan de stêd is dat 38 prosint.
It Sosjaal en Kultureel Planbureau docht it ûndersyk yn opdracht fan it Ryk. It doel is om te sjen oft it plattelân ek feroaret. De konklúzjes fan it ûndersyk jilde ek foar Fryslân.