Brânwacht befrijt seefûgel

01 des 2008 - 11:57

De brânwacht fan Harns hat moandeitemoarn in seefûgel befrijd dy't fêst siet oan in skoarstien. De fûgel siet mei de poaten betize yn in tou dat fêst rekke oan in kapke op it dak fan in wenning oan de Jan Rudolf Thorbeckestrjitte. Sadwaande hong de mok by de skoarstien del en koe gjin kant mear op.

De brânwacht fan Harns is mei de heechwurker útrukt en hat de seefûgel losmakke. It bist is wer loslitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)