Minder winst Friesland Bank

De Friesland Bank sil troch de kredytkrisis dit jier minder winst meitsje, mar hâldt de single A-status.
De bank sjocht dat lêste as in blyk fan betrouwen yn it hjoeddeiske, turbulinte finansjele klimaat. De legere winst komt omdat in soad oandielen fan Nederlânske finansjele ynstellings leger wurden binne yn de portefeuille fan de Friesland Bank. In foar de bank posityf effekt fan de kredytkrisis is dat tûzenen nije klanten in sparrekken iepenen.