Keunstmoanne: 4.000 besikers

01 des 2008 - 11:00

De tolfde edysje fan 'e keunstmoanne op it Amelân hat yn novimber mear as 4.000 besikers lutsen, krekt wat mear as ferline jier. Foaral út it suden fan Nederlân en út België kamen minsken nei de eksposysjes.

Under oare yn tsjerken, it gemeentehûs, hotels en it eardere swimbad wiene wurken te sjen fan 70 keunstners út ûnder oare Sweden, Denemarken en Dútslân. Om noch mear minsken te lûken, wol de organisaasje takom jier de iepeningstiden ferromje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)