Van der Kamp yn Oranje

30 nov 2008 - 22:22

Basketballer Rein van der Kamp fan Aris Friesland is opnaam yn de seleksje fan it Nederlânske team. De 29-jierrige forward sit yn de seleksje fan 14 spilers dy't meidocht oan de Amsterdam Haarlem Basketbal Week (AHBW). Dat toernoai wurdt spile fan 22 desimber oant 30 desimber.

Oan it AHBW-toernoai dogge ferskate ynternasjonale teams mei, lykas it ûnder de 23-jier team fan Israel en Minas Clube út Argentynje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)