Wagenaar is de sterkste man

30 nov 2008 - 21:24

Jan Wagenaar fan Skearnegoutum is de sterkste man fan Fryslân wurden. Yn Boalsert wie hy folle better as de oare dielnimmers. Wagenaar, 135 kilo en 32 jier âld, wûn alle fiif ûnderdielen. Ien kear earder slagge it in dielnimmer om alle ûnderdielen te winnen. Dat wie Wout Zijlstra.

Wietze Rosier fan Dronryp waard twadde. Pieter Karst Bouma fan Winsum tredde. Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean waard fjirde en wûn dêrmei ek it junioareklassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)