Frou rydt tsjin beam
In 47-jierrige ynwenster fan De Knipe is sneon slim ferwûne rekke oan 'e knibbel nei't se tsjin in beam oan riden wie. De frou ried op de Leidyk troch in bocht doe't se fan de dyk rekke.
Nei alle gedachten lei der modder op de dyk, sadwaande rekke se de macht oer it stjoer kwyt. Se is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean.