Mooglik twadde brêge yn Snits

30 nov 2008 - 14:14

De kâns is grut dat Snits dochs noch in twadde houten brêge krijt. Dat is fan it wykein bekend makke by de pleatsing fan de earste houten brêge by de wyk Duinterpen.

De twadde brêge soe krekt wat fierderop oer de rûnwei komme te lizzen by de wyk Tinga. Dat wie earder ek al it plan, mar fanwege de hege kosten gong dat earst net troch. Der sil no sjoen wurde wêr't jild besparre wurde kine. De kosten fan de earste brêge leinen op goed 4 miljoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)