Ungelok yn Bûtenpost

© Omrop Fryslân
Twa autobestjoerders binne sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de rotonde by It West yn Bûtenpost. In man út Koatstertille stie stil foar de rotonde, mar in man út Dokkum hie dat te let yn de gaten.
Hy botste tsjin de achterkant fan de auto fan de man út Koatstertille. Beide bestjoerders moasten foar behanneling nei it sikehûs, de iene nei Drachten, de oare nei Dokkum. Beide auto's wiene total-loss.