Dykgraaf: WN moat oan de slach

30 nov 2008 - 10:52

De partij 'Water Natuurlijk' moat as grutste partij it inisjatyf nimme om in koalysje te foarmjen yn it nije wetterskipsbestjoer. Dat seit dykgraaf Van Erkelens fan Wetterskip Fryslân. In dúdlike winner wie der net: der binne fjouwer partijen mei 3 sitten.

Njonken Water Natuurlijk binne dat de PvdA, it CDA en de list 'Lagere lasten Burger'. De ûnderhannelings oer it nije bestjoer moatte wol mei faasje fierd wurde. Op 8 jannewaris moat it nije deistich bestjoer al keazen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)