Aris ferliest wer yn einfaze

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Friesland ha sneontejûn yn de einfaze wer ris in oerwinning fuortjûn. It is de tredde kear op rige, dat Aris it yn de lêste sekonden net ôfmeitsje kin. Dit kear wie koprinner en lânskampioen Amsterdam krekt wat better.
By it yngean fan it lêste kwart wie it 59-56 foar Aris. Mei in pear tellen te gean stiene de Ljouwerters noch hieltyd oan de goeie kant, mar yn de lêste sekonden pakte Amsterdam dochs noch de oerwinning mei 78-76.