SC Hearrenfean lit winst slûpe

Roy Beerens makke de twa doelpunten
SC Hearrenfean ferspile sneontejûn yn eigen hûs twa punten tsjin PSV. Nei 90 minuten stie de 2-2 einstân op it skoareboerd. Nei goed 80 minuten wie it lykwols noch 2-0 foar de Feansters. Roy Beerens makke nei in kertier de 1-0 en yn de 65ste minút ek de 2-0.
De regearend lânskampioen út Eindhoven like ferslein. Oant de 82ste minút, doe't Danny Koevermans de 2-1 makke. PSV sette noch ien kear oan en yn de 86ste minút makke Stefan Nijland de lykmakker.