Wer winst Arjan Stroetinga

Arjan Stroetinga (foto: Martin de Jong)
Arjan Stroetinga sloech sneontejûn wer ris ta yn de fiifde maraton om de Essent Cup. De maratonreedrider fan Waskemar wie yn de einsprint yn Utrecht fierwei de rapste. Sjoerd Huisman waard twadde, Cédric Michaud tredde.
Michaud giet wol oan de lieding yn it klassemint. Hy hat ien punt mear as Bob de Vries fan De Haule. Douwe de Vries fan It Hearrenfean is tredde, Arjan Stroetinga fjirde.