Famkes oppakt foar stellerij

© Omrop Fryslân
In famke fan 14 en ien fan 16 jier fan De Lemmer binne freedtejûn oanholden op fertinking fan stellerij út in winkel yn harren wenplak. It duo woe yn ien pashokje klean passe.
It personiel fertroude it net hielendal en neidat de beide famkes de winkel ferlitten hiene waard yn it pashokje in lege kleanhinger fûn. Dêrop waard de plysje ynskeakele en dy koe de beide famkes op de Pluut oanholden.