Beliedsplan keatsbûn kin troch

© Omrop Fryslân
It nije beliedsplan fan it keatsbûn KNKB is yn grutte halen goedkard troch de ferienings. Yn de algemiene ledegearkomste wie in grutte mearderheid foar de nije plannen fan it keatsbûn.
De groep ferûntrêste keatsleafhawwers krige de hannen net op elkoar foar har idee om it beliedsplan hielendal nei de jiske-amer te ferwizen. It KNKB kin no dus fierder mei de plannen om it keatsen better yn de merk te setten.