Bysûnder dokumint by Tresoar

© Omrop Fryslân
Histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert hat in bysûnder dokumint fan de famylje Vegilin van Claerbergen krigen. Tresoar beheart it argyf fan de famylje, mar miste noch de brief dêr't keizer Maximaliaan fan it Hillige Roomske Ryk yn de 16e ieuw it wapen fan de famylje yn tastiet.
It dokumint hat jierrenlang opteard yn in kistje sitten en moat dêrom de kommende tiid restaurearre wurde. Nei alle gedachten kin it begjin takom jier besjoen wurde yn Tresoar.