Tal seehûnen op âlde nivo

28 nov 2008 - 19:46

It tal seehûnen yn it Nederlânske part fan de Waadsee leit wer op it âlde nivo fan foar 2002. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Universiteit fan Wageningen. Yn 2002 makke in firus in soad deadlike slachtoffers ûnder de doe 6.000 seehûnen. Mear as de helte fan de bisten gong dea.

Yn augustus fan dit jier binne yn de Waadsee opnij 6.000 folwoeksen seehûnen teld, neist 1.000 jonge. Dat is fjirtich prosint mear as ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)