Soad animo foar post Waanders

28 nov 2008 - 17:40
Marga Waanders

Foar de wethâlderspost yn Ljouwert nei it opstappen fan Marga Waanders is in soad animo. Dat seit PvdA-fraksjefoarsitter Sjoerd Feitsma. Waanders wurdt de nije boargemaster fan Dongeradiel.

In earste ronde om in nije wethâlder te finen yn 'e PvdA-fraksje sels is mislearre. Dêrom wurdt no ekstern socht. By de gadingmakkers sitte ek belangstellenden fan bûten Fryslân. Heal desimber moat dúdlik wurde wa't de nije wethâlder wurdt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)