Opkomst Wetterskip: 27,9 %

Fan alle Friezen hat 27,9 prosint in stim útbrocht by de Wetterskipsferkiezings. Fjouwer jier ferlyn wie de opkomst noch 29 prosint. Doe wiene de regels oars en koene je dûbeld stimme. Lanlik leit de opkomst dit jier in stik leger.
It opkomstsifer fan de Wetterskipsferkiezings soe al earder bekendmakke wurde, mar dat koe net fanwege problemen by it bedriuw dat de stimmen telt. De útslach komt dêrtroch ek net earder as sneontemiddei.