Minder trochlisgefallen yn MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert
Sikehûs MCL yn Ljouwert hat hieltyd minder gefallen fan trochlizzen. De kâns op trochlisplakken by in sikehûsopname is lanlik hast 12 persint, mar yn it MCL is dat 7,5.
Trochlisplakken ûntstean as minsken lang yn deselde hâlding lizze. Yn it MCL binne der op alle ôfdielings ferpleechkundigen dy't spesjalisearre binne yn it behanneljen fan trochliswûnen. Boppedat binne in soad materialen oanpast en kinne pasjinten in spesjale matras krije.