Tastân Anita Andriesen min

28 nov 2008 - 15:07

Deputearre Anita Andriesen wurdt net wer better. Dat hat de provinsje Fryslân bekendmakke yn in parseberjocht. De deputearre waard op 9 novimber yn it sikehûs opnaam mei in firusynfeksje. Troch de gemokueren hie se net folle wjerstân mear. Alle behannelings binne no stillein omdat der gjin kâns is op better wurden. Andriesen giet ynkoarten nei hûs ta.

Neffens it parseberjocht is der sprake fan 'beheinde libbensferwachting'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)