Fermiste jonge is werom

28 nov 2008 - 14:44

De 15-jierrige Nick Ilan Stork fan Ljouwert, dy't goed trije wiken fermist west hat, is freedtemoarn yn Drachten oantroffen. Op basis fan syn ynternetgegevens en aktiviteiten op it ynternet koe achterhelle wurde wêr't de jonge wie.

Neffens de plysje is Nick goed sûn en wie er by kunde. Hy is oerdroegen oan it buro Jeugdzorg. Nick Stork waard sûnt 5 novimber fermist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)