Cohen optein oer Fryske cd

De Kanadeeske sjonger Leonard Cohen is entûsjast oer de cd "Cohen yn it Frysk". Dat hat er witte litten oan Yvonne_Hakze, âld-foarsitter fan 'e fanclub. Yn in mail skriuwt Cohen dat er in tal nûmers beharke hat en dat er rekke waard troch de stimmen en de wize fan útfiering.
Op de cd stean tolve nûmers fan Cohen dy't songen wurde troch ûnder oaren Jaap Louwes, Elske de Wall en Roel Slofstra. De 72-jierrige Leonard Cohen is op dit stuit op toernee yn Ingelân.