Undersyk nei wenlesten

© Omrop Fryslân
Twa Fryske gemeenten stean yn 'e top 5 fan in ûndersyk nei wenlesten troch de Vereniging Eigen Huis. Dantumadiel stiet op plak fjouwer fan gemeenten dêr't de totale wenlesten yn 2009 it meast sakje. It skeelt de ynwenners dêr sân euro mei dit jier.
Skarsterlân stiet treds by de gemeenten mei de leechste totale wenlesten. Yn Skarsterlân binne de ynwenners krapoan 500 euro kwyt. Dat is folle minder as de djoerste, Bunnik by Utrecht mei 850 euro