Deade by brân op camping

De camping oan 'e Jongebuorren (foto: terherne.nu)
By in brân yn in steancaravan op in camping yn Terherne is tongersdeitenacht in persoan om it libben kaam. De brânwacht krige om healwei twaen melding fan de brân op de camping oan de Jongebuorren.
Fanwege de hjitte en de reekûntwikkeling wie it earst dreech om by de caravan te kommen. Doe't dat wol slagge, waard it lichem fûn. De identiteit is noch net bekend. It is ek noch net dúdlik hoe't it fjoer ûntstien is.