Cambuur wol net promovearje
Promoasje nei de earedivyzje soe foar Cambuur dit seizoen noch te betiid komme. Dat sei Cambuur direkteur Alex Pama tongersdeitejûn yn it Omrop Fryslân programma Boppeslach Kafee.
Neffens Pama sil de club der net foar weirinne, mar organisatoarysk en finansjeel is Cambuur noch net klear foar de earedivyzje.