Oanlis rotondes Marsum

28 nov 2008 - 06:35

De oanlis fan de rotondes by Marsum sil kommend wykein los, dat is in wike letter as earst soe. It minne waar fan ferline wike makke it needsaaklik om it wurk mei in wike út te stellen. De ferwachting is dat it wurk trije wykeinen duorje sil.

De N31 tusken Deinum en Marsum is dan fan freedtejûns 8 oere oant moandeitemoarns 6 oere ôfsletten. De rotondes wurde oanlein as ferfanging fan de twa gefaarlike krúspunten, dêr't gauris ûngelokken gebeure.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)