CU Ljouwert hat nije man

© Omrop Fryslân
De ChristenUnie-fraksje fan Ljouwert krijt in nije foarsitter. Per 1 desimber nimt Arco van Daalen it foarsitterskip oer fan Addy Stoker. It bestjoer en de fraksje fan de ChristenUnie Ljouwert hawwe dat meielkoar besletten.
Addy Stoker hat 14 jier fraksjefoarsitter west. Hy bliuwt riedslid. De nije fraksjefoarsitter Arco van Daalen hat 2,5 jier ûnderfining as riedslid.