Brân by AZC yn Dokkum

Foto: FDS-Fotopress
Ien wenning fan it asylsikerssintrum oan de Parklaan yn Dokkum is tongersdeitejûn hielendal útbaarnd. De oare seis units yn it gebou hawwe reek- en wetterskea. Dertroch moasten 36 bewenners yn it AZC yn Musselkanaal ûnderbrocht wurde foar de nacht. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.
De brânwachtkorpsen fan Dokkum en Damwâld hawwe it fjoer bestriden. Der hat dit jier al faker brân west yn it AZC, ôfrûne maaie baarnde ek al in houten wenning hielendal út.