Wethâlder Dongeradiel opstapt

Jacob Appelhof
Wethâlder Appelhof fan Dongeradiel leit syn funksje del. Hy hat dat tongersdeitejûn sels bekend makke yn de riedsgearkomste. Appelhof joech ta dat hy de ried ferkeard foarljochte hat oer it saneamde Bonifatiusprojekt.
It projekt wie bedoeld foar it begelieden fan risikojongeren. Der wie plak foar 20 jongeren, mar der diene mar 8 mei. Dêrmei wie it mislearre. De gemeenteried waard net goed fan it projekt op de hichte steld. Dat is in politike 'deasûnde'.