Nij boek oer Alvestêdetocht

Reinier Paping mei it boek
Histoarikus Johannes Lolkama hat tongersdei syn nijste boek oer de Alvestêdetocht presintearre: 'It sil heve'. It binne de legendaryske wurden fan âld-foarsitter Jan Sipkema doe't dy yn 1985 de Alvestêdetocht oankundige.
Reinier Paping, de winner fan 1963, oerlange yn Hylpen it boek oan de twa bern fan Sipkema. It boek giet oer hûndert jier Alvestêdetocht. Der binne al folle mear boeken oer de tocht skreaun.