Mercurius fan sokkel helle

Mercurius moat wike foar Nij Saailân
Op it Saailân yn Ljouwert is tongersdei Mercurius fan syn sokkel ôfhelle. It byld yn de fontein en de fontein sels, by it winkelsintrum op it Saailân moatte tydlik wike foar de werynrjochting fan it plein.
De Mercuriusfontein waard yn de jierren 20 oan Ljouwert skonken troch de VVV. Hy waard ûntwurpen troch in Dútske byldhouwer. It is de bedoeling dat de Mercuriusfontein op termyn weromkomt op it Beursplein yn Ljouwert, mar wannear is net dúdlik.