Mar helte grûndelgong fergoede

27 nov 2008 - 12:10

Partijen dy't skea ha fan de gaswinning by Frjentsjer krije mar 50 prosint fan de kosten fergoede. Dat seit âld-yngenieur fan de NAM Adriaan Houtenbos nei oanlieding fan in ûndersyk dat dien is nei de mjitmetoaden dy't it sakjen fan de grûn yn kaart bringe moatte.

Oer dy metoaden is ûndúdlikheid ûntstean. Sifers fan it Ryk sizze dat it sakjen mar foar de helte te witen is oan gaswinning, wylst Houtenbos seit dat alles dêroan te witen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)