Foet kwyt by bedriuwsûngelok

It plak fan it ûngelok
In 27-jierrige meiwurker fan in binnenfeartskip is tongersdei swier ferwûne rekke by in bedriuwsûngelok op it PM-kanaal by Sumar. De man hat dêrby syn foet ferlern.
It skip hie motorpech en woe oanlizze by in betonbedriuw dat oan it kanaal sit. By it oanlizzen rekke de meiwurker fêst yn in kabel. Dêrby is de man syn foet ôfskuord. It slachtoffer is mei swier letsel nei it MCL sikehûs yn Ljouwert brocht.