Man út Sumar mei auto yn sleat

27 nov 2008 - 09:53
Foto: Omrop Fryslân

In 39-jierrige man út Sumar is woansdei ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. It slachtoffer ried yn syn auto oer de Hearewei en kaam yn de berm telâne. Hy ferlear dêrtroch de macht oer it stjoer en rekke yn de sleat.

De automobilist hie ferskate ferwûnings en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)