Huzemerk yn greep fan krisis

Der wurde amper mear huzen ferkocht
Fryslân komt hieltyd mear yn de greep fan de ekonomyske krisis. Dat is benammen te fernimmen by makelders en oannimmers. Der wurde amper mear huzen ferkocht en de nijbou leit hast stil. De klap komt by guon makelders sa hurd oan dat de earste meiwurkers al dien krigen hawwe.
De ein fan de malêze is noch lang net yn sicht en Koos Sinnige fan de NVM ferwacht dat in kwart fan de Fryske makelders yn de swierrichheden komme sil.