Op- en ôfrit Wolvegea iepen

© Omrop Fryslân
De op- en ôfrit fan de A32 by Wolvegea sille tongersdei om 6 oere wer iepen gean. Dit hie earst moandei al sillen, mar omdat der hieltyd wetter omheech kaam, duorre it wurk in pear dagen langer. Fan tongersdei ôf binne dan de op- en ôfrit by Teridzert ôfsluten. Dit hat allegear te krijen mei it fernijen fan it asfalt op de A32 tusken Stienwyk en Teridzert.
Rykswettersteat hopet dat foar de kryst oan beide kanten wer twa rydstroken beskikber binne.