Baktearjefilter yn sporthal

© Omrop Fryslân
De gemeente Lemsterlân wol foarkomme dat der nochris legionella ûntstiet yn sportsintrum De Hege Fonnen op De Lemmer. Earder dit jier moast it sportsintrum twa kear sletten wurde, omdat der legionella yn de dûsen konstatearre wie.
Der sil yn 2010 in mikro-filter en in desynfektear-systeem yn de dûsromten ynstalleard wurde. Dêrmei kin de baktearje bestriden wurde.